LLD logo              dé partij met loping oog oor hart voor de burger!               ned. vlag  fryske flagge

I a. Romtlik belied.   1


Miljeu en natuer steane by LLD heech yn it faandel. In grut part fan Dantumadiel falt gelokkich yn it beskerme lânskip "De Noordelijke Wouden".

“It Bûtefjild” kriget op in oare wize beskerming en ûnderhâld. It provinsjaal streekplan is de basis foar dizze beide natuergebieten. It iepen lânlike griene karakter fan Dantumadiel moat sa bliuwe en beskerme wurde. Besteande natuergebieten moatte hanthavene wurde. It Wâldlânskip kin gjin meter elzesingel mear misse. Fierdere kealslach en úttinning fan it Wâldlânskip moatte aktyf tsjingien wurde.

Wat de (wente-)bougrûn oangiet, moat de gemeente soargje foar goed behear: gjin oarstallige reserves mear oankeapje, gjin nije plannen ûntwikkelje litte en tsjin kostpriis de bougrûn ferkeapje sadat ek starters har een eigen hûs feroarloovje kinne.

Ferpaupering fan wenkearnen en yndustryterreinen moatte aktyf tsjingien wurde; sokke grûn oankeapje en geskikt foar wentebou meitsje ynsté fan nije útwreidings om de doarpen hinne. 

"Ynbreidzje" ynsté fan útwreidzje. Nijbou of ferfanging fan wenten yn de doarpskearnen hat de foarkar. Fierdere útwreiding nei bûten ta moat yn't foar kaam wurde. Wy neame bygelyks DamWâld-sintrum en de omjouwing fan de eardere Mounetille en de Achterwei, yn Feanwâlden de buert rûnom de eardere Hubo, yn De Westereen de âlde Bacofa-fabryk en yn Driezum de omjouwing fan leanbedriuw van der Beek.

De plannen foar de romtlike oardering moatte better ôfstimd wurde op de praktyk, d.w.s. de winsken fan de befolking en de takomstige befolkingsûntjouwing. (krimp en fergrizing) Dat betsjut dat der ynset wurde moat op libbensferrinfêste wenten.

Grûn dy't oankocht is as belizzing en as buffer, moat yn tiden fan krizis ferkocht wurde en oan jild makke foar útfiering fan belied.

Yn Dantumadiel is allinnich romte foar lytsskealige bedriuwen. Utwreiding fan yndustryterreinen is net winslik. Yn it plak dêrfan kinne âlde yndustryterreinen opwurdearre wurde. Grutskealige yndustry moet yn it foar kaam wurde, krekt sa as grutskealige glêstúnbou en yntensive féhâlderij mei megastâlen. 

Der moat dúdlike en betroubere ynformaasje oer it hiele grûngebrûk jûn wurde en dit moat yn in regio-breed ynformaasjesysteem opslein wêze.


 

werom

 

I b. Lânskip en natuer.   3

 

Foar  LLD binne it behâld fan twa gebieten ekstra wichtich: it wâldlânskip fan “De Noardlike Fryske Wâlden” en it feangreidegebiet fan “It Bûtefjild”

Foar  “De Noardlike Fryske Wâlden” betsjut dat, dat de lange smelle perselen dy’t bemastere binne op de feansompen, har elzesingels en dykswâlen hâlde moatte. Ferspraat yn dit deksânlânskip lizze wetterplassen, dobben dy’t fakentiids brûkt wurde as drinkersplak foar fee en sleatten en fearten, dy’t ek beskermme wurde moatte. “It Bûtefjild” moat ek bewarre bliuwe omwille fan de funksje yn de ekologyske haadstruktuer.

Wat it foarlizzende plan foar de Sintrale As oanbelanget: Ut ûndersyk docht bliken dat dizze wei amperoan of hielendal gjin foardielen foar de Dantumadielse bedriuwichheid ha sil. Der is dus foar Dantumadiel gjin reden om hjir foar te wêzen. Der binne bettere farianten foar in Sintrale As, dy’t it lânskip oanmerklik minder oantaaste, dy’t ek de ferkearsstreamen troch de Trynwâlden ferminderje, dy’t in koarter trajekt ha, mei minder oerstekken en ûndertrochstekken en dy’t boppedat hiel wat guodkeaper binne. De LLD fynt it dan ek ûnbegryplik dat foar dit trasee keazen is en is hjir  fjouwerkantkant op tsjin.

At de foarlizzende planne trochgeane meie de doelstellings fan it nasjonale lânskip “De Noardlike Fryske Wâlden” net ûndergroeven wurde: Hy moat  “grien” oanlein wurde en binnen it ramt fan fan it nasjonale lânskip  bliuwe. Hjir wurdt net mei skippere. Wat der oan histoaryske wearden ferlern giet komt nea werom.

At de Sintrale As der al komt, falt de hjoeddeistige Haadwei yn in oare bekostigingskategory en wurdt in in grutte finansjele lêst foar de gemeente. Dêr heart in kreaze temjittekomming fan de provinsje tsjinoer te stean of algehiele ôfkeap.

De gemeente moat fierders in heech grien-gehalte hâlde mei kuierpaden en fytspaden, mei faarwetters en plassen. De bewenners hawwe meisizzenskip by de oanliz fan iepenbier grien yn harren wenbuerten. Der moat mear ûnderhâldsfreonlike beplanting brûkt wurde.


Fierdere oantaasting fan natuergebieten wurdt net mear tastien. Iepen gebieten  tusken de doarpen moatte yn de takomst frijwaard wurde fan bebouwing: ek gjin “tin- en djoerwenten” yn saneamde lânskipsparken  mei oerdiedich grutte hearehuzen en grutte bouwkavels, wurde tastien. Der moatte mar twa bestimmingsplannen wêze, ien foar it bûtengebiet en ien foar de wenkearnen. Ek it wetterbehear heart hjir yn beslein te wêzen.


 werom



I c. Miljeu en natuer.   5

 

Foar LLD hat de ferbettering fan it miljeu hege prioriteit. Dat wol sizze: minder gebrûk fan krappe grûnstoffen en fossile brânstoffen. De soarch foar boaiem, wetter en loft bliuwt aktueel.

Fersmoarging troch keunstljocht moat weromkrong wurde (gjin nachtferljochting yn bûtengebieten sa as it Bûtefjild.) Ljochthinder troch útstrieling fan kassen, strjitte- en bûtenferljochting moatte  fermindere wurde. Troch tapassing fan LED ferljochting kin oanmerklik bespaare wurde op it enerzjyferbr^k fan de strjitferljochting.

De hoemannichte ôffal werombringe troch werbrûken, fierdere skieding en ôfsûnderlik gearjen, recycling en kosteheffing oan de boarne. Partikuliere inisjativen oangeande werbrûken fan guod, moat stipe wurde. Gearwurking tusken dizze minsken en de gemeentewerf ta stân bringe. De smoargens moat op ferantwurde wize ferwurke wurde tsjin de meastgeunstige priis fansels.

Stypjen fan tapassings fan nije technology. De gemeente subsidiearret sinnepanielen en lytsskealige wynenerzjy. Duorsum en miljeufreunlik bouwen moat stipe wurde. Wer’t it mooglik is jout de gemeente it goede foarbyld by nijbouprojekten. (doarpshûs, sporthal)

LLD is foarstanner fan minder regels op allerhande mêd, mar wer’t regels jilde, moatte se goed hanthavene wurde krektsa mei miljeufergunnings.

By de boargers, mar ek by bedriuwen moat it gebrûk fan skjinne en effisjente technology stipe wurde en it sunich wêzen mei wetter en enerzjy.It oanbringen fan  gelûdskearende maatregels oan of by trochgeande wegen. In spesifike bedriging foarmet de oanlis fan de sintrale as. (earder neamd)

Neist natuerbeskerming ek de natuerûntwikkeling stypje. Der sil noch mear omtinken foar it yn’t foarren kommen fan yllegale stoart, swabsmoargens en hûne- en hynstestront komme moatte.


werom


I d. Bouwen en wenjen.   7

 

De wenningfoarrieden moatte oanpast wurde oan de hjoeddeistige, mar foaral ek oan de takomstige fraach. Dêrom moat der boud wurde mei libbensferrinfêste wenten; tink bygelyks oan âlderen en mear lytse húshâldings  en ienpersoanshúshâldings. Dus alle soarten fertrekken gelykfliers, moat kinne. Folkswiken praktysk fernije en ientoanigens yn ’t foar komme.

Duorsum bouwe mei miljeuferantwurde materialen hat de foarkar: Der moat boud wurde mei tapassing fan isolaasje, sinneboilers, sinnekollektors, ierdwaarmte en waarmteopslach, skieden wetterôffier en soksawat. Partikulieren geane foar boppe projektûntwikkelers.

Reinwetter wurdt hoe langer hoe mear in probleem foar de wettersuveringsynstallaasjes. Der moat begjin makke wurde mei skieden reinwetter-ôffiersystemen.

De rintesubsydzje foar starters dy’t duorsum bouwe wolle moat stipe wurde. De prizen foar bougrûn moatte nei ûnderen: de gemeente kin wol mei minder winst ta.

Ynpassing binnen de besteande doarpen moat foargean om  foar te kommen dat der kultuergrûn of natuergrûn opoffere wurdt en de nochbesteande iepen romtes ticht slibje. Nije parken mei rekreaasjewenten binne allyksa net winslik: de merke is oersêd. It “wolstânsfrij-bouwen” moat befoardere wurde. De rigeljouwing moat opnij besjoen wurde.


werom


I e.  Gemeentebesit.  9

 

De gemeente moat trochgeand in goed foarbyld jaan. Troch better behear fan de iepenbiere romtes wurde de doarpen leefberder. Effisjenter ûnderhâld oan de wegen en praktysker opset: Ynstee fan gatten en skuorren  opfolje, hiele deklagen fernije en oanpakke.

Begraafplakken yn hannen fan de gemeente hâlde: net oerdrage oan stichtings of partikulieren. (alle mienskipsfoarsjennings altyd  yn gemeentehannen hâlde)

Mei better ûnderhâld fan iepenbier grien begjinne: wyldwaaks fan gers tusken tegels, oerhingjende takken, te lang bermgers, te brede hagen ensfh. oanpakke.

Grûn dy’t frij komt fan pacht ferkeapje. Yn tiden fan delgong moat it bufferjild út dizze grûn, ynset wurde.

De gemeente hat noch 135 ha yn besit. Dat  kin wer’t  it mooglik is, oan jild makke wurde tsjin in gaadlike priis. De gemeente (mei har monopoalje-posysje) hoecht gjin oerdadich grutte winsten  te meitsjen út grûneksploitaasje. Grûneksploitaasje moat gjin doel op himsels wêze en gjin winstboarne. De gemeente hat  yn’t foarst  in sosjale funksje yn tsjinst fan de ynwenners.


werom


II a. Sûnenssoarch.   11

 

Nimmen út de mienskip yn de kjeld stean litte. Elkenien yn de mienskip aktyf hâlde. Mear each krije foar de swakkeren troch foar harren spesifike regelingen te meitsjen en yn stân te hâlden. Wurkleazen wurk oanbiede sa as foar strjit- en berm-ûnderhâld, ûnderhâld fan begraafplakken en parken, yn de soarchferliening of as konsjerzje.

Yn it ramt fan de WSW (Wet Sociale Werkvoorziening) meitsje wy ús sterk foar behâld fan dit soart banen  by Trion.

 

Doarpshuzen moatte sintra fan wolwêzen wurde foar alle groepen, mei in hiele reeks oan tsjinsten en foarsjennings. Sawol foar de âlderein as de jongerein moatte der oantreklike gearkomstromtes komme mei in breed oanbod oan aktiviteiten en fertier.

Earstelinefoarsjennings sa as doktersposten en apteken, moatte oer it hiele jier en altyd foldwaande berikber wêze foar elkenien. Dit jildt ek foar hertmassaazje-apparatuer en de betsjinning derfan. De gemeente hat in bepaalde ferantwurdlikens yn dit stik fan saken.

By de soarch moat der mear ynset wurde op it  te foarren kommen  fan syktes, troch in gemeentelik platfoarm fan gemeente, dokters en sportferienings. Troch de fergrizing is der yn de takomst mear soarch nedich; dêrom ynsette op mear sûne libbensjierren.

Ynstânhâlding fan in streeksikehûs om te garandearjen dat helpferliening op koarte ôfstân bliuwt fan de bewenners is ek botte wichtich. Der moat ek in feilichheidsplan komme om ûngemakken  foar te kommen. Misbrûk fan jild dat foar soarch bestimd is, is ûntalitber.

LLD is foarstanner fan ien sintraal soarchloket wer’t elk te plak kin mei fragen oer soarch.

 Yn in emansipearre  mienskip is gjin plak foar diskriminaasje. LLD wol in leechdrompelich meldpunt foar klachten oer welke foarm fan diskriminaasje dan ek ha.


werom


II b. Jongereinbelied. 13

 

Oan de jongerein moatte mear mooglikheden ta ferstannich dwaande wêzen, ferdiverdaasje en ûntwikkeling bearn wurde. Der moatte foarsjennings komme sa as feilige en noflike  gearkomstplakken (“omhingplakken”) foar jong en âld, yn de doarpshuzen, mei in grutte fariaasje oan aktiviteiten en fertier. Salang as der gjin goede fersjennings binne moat der in foarm fan gedoochbelied wêze foar keten, mits dy oan bepaalde rigels fan feiligens en it foarkommen fan drankmisbrûk foldogge.

It jongereinbelied moat positiver rjochte wurde en minder op it bestriden. Dêrfoar is it nedich dat der yntegraal jongereinbelied ûntwikkele wurdt en tapast!  Yn oerliz mei de GGD moat der tafersjoch  en kontrôle komme op it brûken fan drugs ûnder de jongerein.

Der moatte ek mooglikheden wêze om de jongerein mei de âlderein yn kontakt te bringen. Dêrfoar is in yntegrearre oanpak fan de doarpshuzen nedich, wer’t jong en âld gebrûk fan meitsje kinne.

Alle  bern moatte tsjin in reedlik taryf gebrûk meitsje kinne fan in bernedeiferbliuw, pjutteboartersplak of neiskoalske opfang.

Trochdat beide âlders wurkje, wurdt it ferlet oan berne- en jongerenophein stadichoan grutter. Partikuliere inisjativen op dit mêd fertsjinje stipe.

Fernielerij en oerlêst moatte stevich oanpakt wurde, mar de klam moat op previnsje lizze. Gearwurking fan de jongerenwurker mei de ynstellings foar neiskoalske opfang, skoallen en (sport-)ferienings moat trochgeand stipe wurde. Der moat genôch jild foar sport en kulturele aktiviteiten wêze.


werom


II c. Aldereinbelied.   15

 

Alderen moatte stipe wurde om aktyf te bliuwen, sawol mentaal as fysyk. Der moat foarljochting jûn wurde en der moatte mear aktiviteiten komme. De groep âlderen sil grutter wurde. Der moat ynset wurde op mear sûne libbensjierren: sûner libje, sûner ite en genôch bewege.

LLD pleitet foar in yntegraal âlderenbelied en âlderensoarch. Der moat genôch oandacht wêze foar de mobiliteit fan de âldere ynwenners; it âlderenferfier is hjir in ûnderdiel fan.

Foar âlderen moatte der foarsjennings komme sa as: help by de administraasje sa as formulieren ynfolje, oanfragen dwaan, reklamaasjes en beswierskriften skriuwe. Hjirfoar tsjinje frijwilligerssintrales en formulierebrigades dy’t  oeral maklik tagonkelik binne.

Aldere minsken moatte beskerme wurde tsjin tillefoanyske ferkeapaksjes fan bedriuwen. Ek by it ferfarren moatte der helpynstânsjes beskikber wêze. Der meie gjin âlderen bûten it skip falle en feriensumje.

Wy fine dat de Lauwerspas der bliuwe moat.


werom


II d. Underwiis.   17

 

LLD wol goede foarsjennings yn de gemeente ha en hâlde, dy’t neist ûntwikkeling en útdaging ek in feilige sosjale omjouwing biede. Goed ûnderwiis ûntwikkelt de persoanlikheid, kennis en feardigheden en biedt mear kânsen op de arbeidsmerke en in better funksjonearjen yn de maatskippij. In goede skoalle-omjouwing stipet ek goede sosjale feardigheden.

Grutte skoallen binne net mear fan dizze tiid: oersichtlike ienheden, yntegrearre yn de doarpen fan de learlingen binne winslik. In soad learlingen reizgje daagliks oer grutte ôfstannen: dy bus- en taksy-streamen moatte fermindere wurde. It ûnderwiis moat sa ticht mooglik by de fraach komme.

Foar de lichamelike opfieding en it swimmen yn it basisûnderwiis moatte de faklearkrêften hanthavene bliuwe. Der moat foar de feiligens fan de learlingen by sokke fakken as swimmen en gymnastyk yn stien wurde.

Skoallegebouwen soene  bûten de skoalle-oeren ek foar oare groepen beskikber steld wurde moatte. Dat kin it bêste yn  in gearwurkingsskoalle mei foarsjennings dy’t mienskiplik brûkt wurde kinne en mei personiel dat breed ynsetber is. It gebrûk as skoalle stiet dochs altyd foarop!

Der wurdt  troch de gemeente jild beskikber steld foar sokke foarsjennings as skoalswimmen, logopedy, keunstûnderwiis, miljeu-ûnderwiis, ynformatika-ûnderwiis en projekten ensfh.


werom


II e. Kultuer.   19

 

Stypjen fan aktive en passive kultuurbeleving. Waarme oandacht foar Dantumadiel as briedplak fan mei nammen de Fryske keunst en kultuer. Keunst en kultuer biede in sûn tsjinwicht tsjin it trochsketten materialisme en is ek yn sosjaal-ekonomysk opsicht weardefol foar de maatskippij. De útstrieling fan Fryske keunst en kultuer nei bûten ta kinne ferbettere wurde. Dêrom moatte kulturele eveneminten  stipe ha. Sokke inisjativen moatte posityf-kritysk benadere wurde.

Dielname oan kultuer moat foar alle leeftydsgroepen stipe wurde. Alderen, jongeren, bystânsgerjochtigden ensfh. moatte koarting ha om oan soksoart aktiviteiten meidwaan bliuwe te kinnen. (Lauwerspas)

Der moat oandacht komme foar amateurkeunst en ek foar keunst op ferieningsnivo. Ek eksperimentele keunst moat stipe wurde. LLD fynt it wichtich  om de jongerein kultuerbewust te meitsjen. Dêrom moat der foldwaande romte makke wurde foar jongeren dy’t musyk, toaniel of oare kultuerfoarmen beoefenje wolle.

Der moat romte wêze foar it provinsjale biblioteekwêzen. It soe der ta liede moatte dat der yn alle wenkearnen  foldwaande biblioteekfoarsjennings binne.

Tagong ta it ynternet foar elkenien is ek in kearndoel. It Frysk moat as bestjoerstaal opgong meitsje.


werom  


II f. Sport en rekreaasje.   47

 

LLD wol in lykwichtiger oanbod fan sportfasiliteiten yn de gemeente ha. Sport moat foar elk  beskikber wêze wat priis oangiet en wat berikberens  oangiet. Sport is in boarne fan sûnens, persoanlike ûntwikkeling en  sosjale gearhing.

Teamsport is goed foar in soad positive saken sa as in sûne mentaliteit, rigels leare te akseptearjen, gearwurking ensfh.

Der moatte ek lytsskealige foarsjennings komme en yn stân hâlden wurde yn alle wenkearnen, sa as moochlikheden om te reedriden, skaten, (pipe-holes), boartersplakken ensfh. Aktiviteiten fan klubs en ferienings wat dit oangiet stypje.

De boartersplakken dy’t der binne yn de doarpen libben hâlde. De buertferienings hjirby ynskeakele hâlde. De jeugd moat stipe wurde om aktyf oan sport te dwaan, troch aksjes en kompetysjes. De gemeente soarget der foar dat de akkomodaasjes op peil binne en bliuwe en dat de oan- en ôffierwegen feilich binne en bliuwe. By alle sport-akkomodaasjes en oare plakken wer’t in soad  minsken byelkoar komme en de kâns op hertfalen grutter is as normaal, moat de gemeente hertmassaazje apparatuer pleatse. Soks is fan dizze tiid en it is in ferantwurdlikheid fan de gemeente nei de boargers ta.

As de befolking en de leden kieze foar multifuksjonele (sport)akkomodaasjes dizze inisjativen sterk  stypje en mei gauwens útfiere yn dizze ekonomyske krisistiid. In MFC fergruttet de leefberens, hat útstrieling nei de omjouwing, hat legere (behears)kosten en liedt ta behâld fan it besteande foarsjenningsnivo fan in doarp.


werom


II g. Wolwêzen.   23

 

By de oerdracht fan it foech oangeande wolwêzensfoarsjennings nei de gemeenten ta, yn it kader fan de WMO, mei der foar de kliënten gjin kwaliteit ferlern gean. De opset moat dan ek sadanich wêze dat de kwaliteit fan de soarch yn de takomst waarborchd is.

Der moat soarch nei ferlet ferliend wurde en oanpast oan de yndividuele situaasje.

It wolwêzenswurk moat de mooglikheden  biede wertroch ’t de lju yn steat binne, nettsjinsteande har handikap, gebrek of kwaal, om selstannich oan it maatskiplik libben dielnimme te kinnen.

De ynfiering fan de WMO moat yn gearwurking mei oare gemeenten om Dantumadiel hinne, oanpakt wurde. Yn in mienskiplik, noch op te rjochtsjen projektorganisaasje moat in gearhingjend soarchbelied foar de hiele regio ûntwikkele en ynfierd wurde. Dit belied moat troch de fraach dy’t der is oanstjoerd wurde. Ek de kwaliteits-easken en it tafersjoch  wurde  mienskiplik organisearre. Dizze soarch moat goed berikber wêze, tichtby en dúdlik. Burokrasy moat yn it foarren kaam wurde.

De ferantwurdlikheid foar de WWB, dy’t koartlyn troch de gemeenten oernaam is, moat toetst wurde op effektiviteit en sa nedich ferbettere. De gemeentelike útfieringsynstânsjes (ISD e.o.) binne noch nij en de gearwurking mei oare gemeenten is noch net klear.

It effisjent funksjonearjen fan dizze tsjinsten, op de kosten en risseltaten moat tasjoen wurde. It opnij ynstellen fan de “wytguod-regeling” , krekt sa as it ynstânhâlden fan oare fasiliteiten foar de minima is ek wichtich.


werom


III a. Ynwenners   25

 

LLD hat eigen ideeën omtrint de organisaasje binnen de gemeente. Dizze ideeën kinne der foar soargje dat der mear bining komt tusken de boargers en it bestjoer, mear ûnderling fertrouwen en dêrtroch in better funksjonearjen fan alle partijen. De gemeente moat minder ynvestearje yn de eigen organisaasje (yn materjaal, gebouwen en personiel) en mear ynvestearje yn de mienskip (buerthuzen, sportakkomodaasjes, sûnens- wolwêzensmiddels)

Ynwenners moatte regelmjittich, op tiid en folslein ynformearre wurde fia de webside, de gemeentegids en it wyklikse blêd yn de streekkranten. De ynformaasje op de webside moat goed by de tiid bliuwe.

Echt iepenbier bestjoer betsjut dat de ynwenners der rjocht op ha te witten hoe’t de beslútfoarming yn de gemeente plak fynt.

Dus gjin efterkeamerkepolityk en gjin kornútsjepolityk. Elke boarger hat deselde prioriteit. By trajekten wurdt de hiele proseduere en de tiidline dy’t dêr by heart goed útlein en ek strikt folge.

Foar yngripende feroarings sil der in binend  referendum plak ha. Dêrmei krije de ynwenners sels mear kontrôle op sokke yngripende feroarings yn de gemeente Dantumadiel. Ynsté fan djoere adfysorganen wurdt de ekspertise fan de eigen ynwenners ynskeakele.


werom


III b. Ried en Kolleezje.   27

 

De Ried bestjoert de gemeente en it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fiere dat út. De Ried komt mei ynisjativen dy’t men fanút de befolking heart of sels oan de dei leit. De Ried stelt in eigen wurklist op foar fjouwer jier. Om ûnderwerpen hinne, dy’t foar de ynwenners wichtich binne, wurde ynformaasje jûnen belein. By wichtige beslúten wurdt de Ried earder ynformearre.

Elk jier moat der in iepenbier petear hâlden wurde omtrint de kwaliteit en de tsjinstferliening. It funksjonearjen fan it gemeentlike apparaat wurdt troch de ynwenners toetst.

Foar in goed kontakt mei de boargers is it needsaak dat it bestjoer ticht by de ynwenners stiet, sawol letterlik as figuerlik.

Fúzje mei in buorgemeente kin dit proses yn de wei stean en is dêrom net winslik. Wannear’t  net oan fuzje te ûntkommen is moat garandearre wêze dat der nau kontakt mei de boargers wêze sil.


werom


III c. De amtlike organisaasje.   29

 

De effisjensje fan it amtnersapparaat wurdt yn gearwurking mei omlizzende gemeenten en sintrale ynstânsjes fjirder ferhege. Ynsté fan “produktgroepen” komme der op it gemeentehûs wer ôfdielings wer’t de tsjinstferliening nei de boarger ta sintraal stiet, dus wurde it wer tsjinsten.

It personielsbestân wurdt fia natuerlik ferrin ferlytse mei sa’n 25%, nei sa’n 150 wurknimmers. Yn tiden fan resesje  moat foaral de “overhead” tsjingien wurde. Boppedat komme der minder ynwenners, dus wat dat oangiet makket men ek minder gebrûk fan de tsjinsten. Ferbou en/of útwreiding fan it gemeentehûs is dan ek sinleas en jild ferspyljen fan de boarger, krekt allyksa as in ekstern ûndersyk hjirnei.

Der wurdt soarge foar in hastiger ôfwurking  fan oanfragen op it mêd fan bou, sosjale saken, subsidys en belêstings. Hoe minder minsken der oer geane, hoe gauwer as it klear is. Der komt ek in ein oan miggesifterij by it fergunningferlienen. Hast alle boargers dy’t mei in bou-oanfraach te meitsjen hân ha binne swier frustrearre troch de gong fan saken hjiromtrint. Soks moat nei de takomst ta net wer foarkomme troch in totaal oare oanpak. As der net binnen de fêstleine termyn in beslút  naam is, is de fergunning ferliend. Dizze regeling wurdt royaal tapast, mar net foar saken dy’t de iepenbiere seden beskermje  moatte. (byg. seksklubs en sa.)


werom


IV. Finânsjes.   31


Ek de finânsjes ha foar LLD hiele hege prioriteit. De gemeentelike finânsjes moatte  yn oarder wêze en effektyf en doelmjittich bestege wurde. LLD tinkt dêrby oan ûndersteande maatregels:

 

-        Der hat ienris jiers in toetsing pleats troch in ûnôfhinklike rekkenkeamer, dy’t ûndersyk docht en sels it ramt fan har ûndersyk fêststelt. De rapportaazje fan dizze rekkenkeamer is iepenbier.

-        Foar loketten  komt der ien tsjinstrjochtline. Der komt in soad nij belied en nije wetjouwing op gemeenten ôf. De útfiering dêrfan is yngewikkeld en de  tiid  faak krap. Dêrom stelt de gemeente teams fan boargers yn (wurkleazen  en vutters), dy’t  oanfregers fan subsydzjes en temjittekommings  helpe kinne.

-        Gemeentelike taryfferhegings moatte yn it foar kaam wurde. It prinsipe dat de brûker betellet is in goed útgongspunt, mar moat wol mei de nedige foarsichtigens tapast wurde.

-        Unferwachte finânsjele meifallers  moatte brûkt wurde foar de ynwenners. Se meije net yn de grutte pot ferdwine, foar de organisaasje brûkt wurde of oan de reserves taheakke. De term “kostendekkend tarief” mei net misbrûkt wurde en sil tenei earder ta taryfferlegings  liede moatte by de ferskate tsjinsten.

-        Subsydzjestreamen oan ferienings of stichtings, dy’t meiwurkers yn leantsjinst ha, moatte ûnder tafersjoch komme fan in saneamde “subsydzje-amtner”. Dit om misbrûk tsjin te gean.

 

De gemeente moat regelmjittich fia de media útliz jaan omtrint de finânsjele stân fan saken. Rjochtlinen út  De Haach wei kinne allinne útfierd wurde at der ek jild by jûn wurd.

By nije projekten wurdt der earst sparre oan de helte fan it nedige kapitaal ta. De oare helte kin finânsierd wurde. Lienen kostet jild, mar sparjen smyt jild op. De takomstige ynwenners wurde sa net opseale mei de kosten fan har foargongers. Dantumadiel moat in finânsjeel sûne gemeente wurde.


werom


V a. Iepenbiere oarder en feiligens.   33

 

It meitsjen en garandearjen fan in feilige omjouwing foar de boarger is in earste libbensferlet. De hjoeddeistige ûnrêst en oerlêst op strjitte en op it wetter, freegje om in effektive oanpak dy’t fertrouwen  jout. Dêrneist kinne der ek kalamiteiten op yndustryterreinen plak fine.

Troch suver ûndersyk en analise troch eigen folk, moatte de werklike risiko’s bleatlein wurde. De gemeente moat hjiroer earlike en dúdlike ynformaasje oan de boargers jaan. Nei de boargers harkje jout ynformaasje oer it feilich-fielen fan de boarger.

Maatregels, feilichheidsfoarsjenning sa as de ynrjochting fan de iepenbiere romte, oanwêzigens, sichtberens en de ynset fan plysjes ensfh, moatte basearre wêze op sawol it objektive as it subjektive feilichfielen.

LLD is foar minder regels, mar wer’t regels steld binne moatte se aktyf hanthavene wurde. De boarger moat in goed  gefoel krije by de maatregels. (nuttich, nedich, rjochtfeardich ensfh., by boetes, sanksjes, ferboaden en geboaden)

Der moatte yn de gemeente goede, aktuele rampeplannen komme, yn gearwurking mei oare gemeenten makke. De gemeente soarget der foar dat dy rampeplannen regelmjittich kontroleare en test wurde en ljochtet de boargers hjir elk jier oer yn.

De helptsjinsten moatte sa ynrjochte wurde dat de wachttiid foar help op it plak wer’t it wêze moat, binnen de lânlike noarmen bliuwt.

It beliedsplan fan de plysje fan Dantumadiel moat opsteld wurde mei fertsjintwurdigers fan de gemeente Dantumadiel en foar goedkar oan de Ried foarlein wurde.

Surveillânse yn de beboude kom moat te gean of op de fyts en minder mei de auto. De netwurkagint moat in bekind gesicht wurde foar de boarger. Yn wenwiken moat standerd 30km-sônes komme en hanthavene bliuwe. Yn de bûtenwiken moat dat standerd 60-km sônes  wurde.

Unfeiligens troch te hege ferkearssnelheden moat yn it foarren kaam wurde en hege prioriteit ha.

De fytsrûtes yn de gemeente moatte feiliger wurde, mei nammen oerstekplakken, sa as bygelyks it oerstekplak fan de Goddeloaze Singel mei de Rûnwei om Feanwâlden. Sokke oerstekplakken moatte tunnels krije en oare oerstekken moatte ferbettere wurde.

Ek doarpsprevensjeprojekten moatte trochgeand stipe wurde.

It brânwearkorps moat mei foldwaande middels útrêst wûrde om har taak op in goed nivo hanthavenje te kinnen. It moat wer oantreklik wurde om frijwilliger by de brânwear te wurden.


werom


V b. Ekonomy en wurkgelegenens.   35

 

De agraryske sektor, toerisme, tsjinstferliening en oare lokale aktiviteiten drage allegear by oan libbene kearnen. De gemeentelike oerheid moat sokke ekonomyske aktiviteiten sa folle mooglik befoarderje, want dêr hat de hiele mienskip profyt fan. Ofskaffing fan prekariorjochten is dêrom winslik.

Sa moatte der û .o. geunstige betinksten komme foar rekreaasje en toerisme. Fêstiging en behâld fan goede horeka en winkels yn de doarpen moatte stipe wurde foar de oanlûking en de bining. Hanthavening fan it oanwêzige winkelbestân en ferbettering fan de winkelfasiliteiten is fan it grutste belang foar de kearnen yn Dantumadiel.

De besteande yndustryterreinen moatte maksimaal benut wurde. Der moat in geunstich fêstigingsklimaat komme foar lytsskealige en net-miljeubelêstende bedriuwen. Der moat ek in moderne kommunikaasje-ynfrastruktuer oanwêzich wêze. Al mei al moat it hiele ûndernimmersklimaat freunliker. Dêrom  moat Dantumadiel in apart beliedsplan meitsje om it lokale bedriuwslibben te befoarderjen en te stypjen. Tagelyk moat der in risiko-analise útfierd wurde nei de besteande wurkgelegenens.

Mei de agraryske ûndernimmers moat socht wurde nei mooglikheden ta in rendabele bedriuwsfiering yn it bûtengebiet, werby’t  it iepen, lânskiplik karakter bestean bliuwt.

Biologyske lânbou (arbeidyntensyf en lytsskealich) moat befoardere wurde en sa mooglik keppele wurde oan “agro-rekreaasje”. Troch de minne ûntwikkelings yn de lânbou fertsjinnet dizze sektor amtlik sawol as finânsjeel, ekstra stipe om  eventueel  oer te skeakeljen  nei oare aktiviteiten. LLD sil him ek sterk meitsje ta behâld fan de wurkgelegenens by Trion yn it ramt fan de WSW.


werom


V c. Ferkear en ferfier.   37

 

Fierdere ferbettering fan de ûntsluting fan Dantumadiel. Goede berikberens fan lokale adressen foar auto en fyts hanthavenje, sûnder dat it lanlike karakter oantaast wurdt. By sokke saken tinke wy dan oan:

  • It weromkringen fan swier trochgeand ferkear op de lânwegen, dy’t dêr  net foar ornearre binne. De útfalswegen kinne al lang it ferkearsoanbod net mear oan. De lokale wegen ha te lijen ûnder in wiziging yn ferkearsbelêsting en ferskowing fan it ferkearsoanbod.
  • It iepenbier ferfier moat stipe wurde.
  • It meitsjen fan in duorsume en feilige ferkearssitewaasje yn de hiele gemeente, troch plysjekontrôle en hanthavenjen.
  • De wei neist de Sintrale As, oer de Falom behâlde; as der in blokkade komt op de Sintrale As, by in ûngemak of ûnderhâld, sit alles fuortdaalik fêst.
  • Goede berikberens fan alle kearnen, mei it iepenbier ferfier. De mobiliteit fan de ynwenners moat sa folle mooglik garandearre wêze. It rjochtstreekse ferfier tusken Dantumadiel en Ljouwert fersterkje.
  • Bus- en treinferbinings moatte op it hjoeddeistige nivo bliuwe. Ien fan de aksjes hjirfoar is it renovearjen fan de omjouwing fan de stasjons. (goede perkeargelegenheid foar fyts en auto, net te folle strûken, kameratasicht ensfh.)
  • It brûken fan de fyts moat trochgeand stipe wurde. Feilige fytsrûtes nei knooppunten sa as skoallen, sporthallen en sportterreinen, winkelsintrums, bedriuwsterreinen, rekreaasjegebieten ensfh.
  • It ôfmeitsjen fan oantreklike en feilige fytsrûtes troch it lânskip; wy tinke û.o. noch oan in fytspaad fan Rinsumageast, oer de Koarndyk op de Koailoane oan, mei in tunneltsje ûnder de Haadwei troch.

Om dat guon fan de beëage maatregels bûten it foech fan de gemeente falle moat der foar pleitte wurde yn oerlizsitewaasjes mei oare oerheden.


werom


V d. Doarpsfyzjes.   39

 

Elk doarp moat syn  eigen sosjale struktuer ûntwikkelje, omdat elk doarp syn eigen winsken, kânsen en mooglikheden hat. Wy kieze foar in lykwichtige befolkingsopbou yn alle doarpen; gjin aparte groepen per strjitte of wyk.

LLD  is fan miening dat de gemeente grutte wearde hechte moat oan de fyzjes fan de ferskate bestjoeren fan doarpsbelangen en dêr nei harkje moat en it ek útfiere. Sa binne wy fan miening dat de fyzje fan doarpsbelang Feanwâldsterwâl, respektearre wurde moat en dat it in doarp wurde moat dat by Dantumadiel heart omdat it altyd op Feanwâlden oriëntearre west hat.

De fyzjes fan elk doarp moatte noch ynfold wurde troch doarpsbelangen en wykrieden. Wy noegje ûndersteande doarpsbelangen út om har fyzje middels it  kontaktformulier nei ús ta te stjoeren dan pleatse wy dy ek op ús webside:

 

Klik hjir foar de doarpsfyzje fan Damwâld: http://www.deikkerwaldster.nl/downloads/DorpsvisieDamwoude2007-2017.pdf

Klik hjir foar de doarpsfyzje fan De Westereen: http://www.westereen-promoasje.nl/images/stories/pdf/08%2006%2019%20dorpsvisie%20low.pdf

Klik hjir foar de doarpsfyzje fan Feanwâlden: http://veenwouden.revoadviesgroep.nl/ContentDocuments/Dorpsvisie%20Veenwouden%20standaardkwaliteit.pdf


werom



41